Jong-A-Pin yn 'e basis

20 feb 2009 - 18:05

Calvin Jong-A-Pin spilet sneontejûn yn de wedstriid fan Hearrenfean tsjin Willem II yn 'e basis. Hy ferfangt Michael Dingsdag dy't skorst is. De ferdediging bestiet fierder út Breuer, Bak Nielsen en Popov.

It is noch de fraach wa't der yn de spits begjint. Nei alle gedachten sil dat Gerald Sibon wêze. Viktor Elm spilet dan op it middenfjild, omdat Mika Väyrynen noch hieltyd blesseard is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)