Jierlikse prolooch IFKS

© Omrop Fryslân
De IFKS en de Stichting Skûtsjesilen op de Burgumermar wolle in jierlikse skûtsjesylwedstryd op 'e Burgumermar. Skûtsjes fan de IFKS farre op 13 juny in prolooch op 'e mar. It is de bedoeling dat dit in tradysje wurdt.
De skippers misse op dit stuit in moeting oan it begjin fan it seizoen dêr't se de krêften mjitte kinne. De prolooch moat dêryn foarsjen. De Stichting Skûtsjesilen op de Burgumermar wurdt no woansdei offisjeel oprjochte.