Mooglik trochtstart Smelne

© Omrop Fryslân
Kurator Cnossen fan It Hearrenfean slút in trochstart fan de fallite jachtwerf Smelne Yachts yn Drachten net út. Der wurdt mei meardere gadingmakkers praat oer it fuortsetten fan it bedriuw.
Smelne Yachts waard 11 febrewaris fallyt ferklearre. Fanwege de resesje wie de oarderportefúlje sa goed as leech. Om sa min mooglik klanten te ferliezen is it personiel ôfrûne tiisdei wer oan it wurk gong. Der binne noch njoggen boaten yn oanbou.