Yvonne Nauta twadde op WK

20 feb 2009 - 17:47

Yvonne Nauta stiet nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip reedriden foar junioaren twadde yn it klassemint. Yn it Poalske Zakopane waard de reedrydster fan Twellingea 14e op de 500 meter yn 41.17. Op de 1500 meter waard se twadde yn 2.05.28.

De winst op de 1500 meter wie foar Roxanne van Hemert yn 2.02.91. Van Hemert stiet ek earste yn it klassemint nei twa ôfstannen. Sneon ride de froulju noch de 1000 en 3000 meter op de iepen baan fan Zakopane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)