Ynspeksje tagonklikheid musea

20 feb 2009 - 17:16

In groep dôven en minhearrenden yn Fryslân sil oant april tweintich Fryske musea bydel om se te ynspektearjen op tagonklikheid. Minsken dy´t net of min hearre hawwe bygelyks neat oan in fideofilmke dat net ûndertitele is.

Wannear´t der troch in museum in rûnlieding jûn wurdt, dan soe in tolk wol handich wêze. Of de ynformaasje moat ek op papier stean. Ein april ferskynt in ûndersyksrapport oer de tagonklikheid fan Fryske musea foar minsken dy´t min hearre of dôf binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)