Folle minder huzen ferkocht

20 feb 2009 - 16:38

Yn Fryslân binne yn jannewaris goed 35 persint minder huzen kocht en ferkocht as yn deselde moanne yn 2008. Allinne Seelân docht it noch minder, dêr giet it om in weromrinnen fan 38 persint. Dat docht bliken út ûndersyk fan woningmarktcijfers.nl.

Der waard yn Fryslân yn jannewaris gemiddeld 215.600 euro betelle foar in hûs. Yn fergelyk mei jannewaris 2008 is dat 7,7 persint mear. Oer hiel 2008 giet it om in stiging fan hast seis persint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)