Soad fakânsjebesikers musea

It Natuermuseum luts de measte besikers
De 35 musea en argiven yn Fryslân dy't dizze wike mei dien hawwe oan de aksje 'Help pake en beppe de vakantie door', hawwe meielkoar 10.500 besikers lutsen. Dat is goed 25 persint mear as ferline jier.
De aktiviteiten yn it Natuurmuseum Fryslân lutsen de measte bern en pakes en beppes. Dêr kamen hast 3100 minsken op ôf. Tema fan de wike wie ynsekten en spinnen. Sa koene de besikers bakte krekels ite.