Jeugdspilers H'fean nei Emmen

20 feb 2009 - 11:18

Ferskate jeugdteams fan Emmen en Hearrenfean wurde kombinearre. Dat jildt ek foar de beloften fan Hearrenfean en dy fan Emmen. Probleem is no faak dat de jonge talinten by Hearrenfean de oerstap net meitsje kinne nei it earste om't it nivoferskil te grut is.

Tenei wurde seis spilers út it belofteteam fan Hearrenfean útliend oan it earste fan Emmen sadat se op it ien nei heechste nivo ûnderfining opdwaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)