Noed stean foar It Waad

Boatsjefarders moatte hoeden omgean mei It Waad
In kampanje moat boatsjefarders wize op de kwetsberheid fan de natuer yn it Waadgebiet. De kampanje wurdt opset troch in tal organisaasjes dy't gearwurkje yn it Convenant Vaarrecreatie Waddenzee.
Boatsjefarders wurde mei posters en folders en fia ynternet oproppen om noed te stean foar de natuer as se droechfalle op It Waad. It startskot foar de kampanje wurdt jûn op de Hiswa, dy't tiisdei oer in wike begjint.