Ynbraak yn Eksmoarre

20 feb 2009 - 10:07
Foto: Omrop Fryslân

By in ynbraak tongersdei yn in wenning oan de Doarpstrjitte yn Eksmoarre is foar tûzenen euro's stellen. De dief hat in doar fernield om der yn te kommen. Dêrnei is er troch it hiele hûs hinne gien.

De 28-jierrige bewenner mist jild, sieraden, in flatscreen tillevyzje, in digitale decoder en in home-cinemaset. Hy hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)