Twa Blijsters foar rjochter

20 feb 2009 - 09:59

Twa ynwenners fan Blije moatte ein maart foar de rjochtbank ferskine foar ûngeregeldheden mei âld en nij yn it doarp. De manlju fan 26 en 31 jier wurde derfan fertocht yn de âldjiersnacht geweld brûkt te hawwen tsjin helptsjinsten.

Yn it doarp waard de brânwacht mei swier fjoerwurk bestookt doe't se brânbulten blusse woene. De plysje hat 19 minsken oanholden en heard. Twa soene geweld brûkt hawwe, de oare 17 binne net langer fertochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)