Meldaksje oer pasjinterjochten

© Omrop Fryslân
Zorgbelang_Fryslân is dizze wike begûn mei in meldaksje oer pasjinterjochten. Dat is in belangryk ûnderwerp dêr't de measte soarchkonsuminten net folle fan ôf witte, sa docht bliken út earder ûndersyk.
De belange-organisaasje wol fan minsken witte hokfoar ûnderfining sy hawwe mei pasjinterjochten en wat sy dêrby belangryk fine. De útkomsten sille oanbean wurde oan minister Klink fan folkssûnens dy't wurket oan in nije wet oer pasjinterjochten