Jubileumfeesten Stellingwerven

19 feb 2009 - 14:02

De gemeenten East- en Weststellingwerf stelle 50.000 euro beskikber foar aktiviteiten fanwege fan it 700-jierrich bestean fan 'e Stellingwerven. It jild wurdt ferdield oer kultuer, sport, rekreaasje en ûnderwiis. Minsken of ynstellings dy't in berop dogge op in part fan it jild, moatte sels ek jild ynvestearje yn de aktiviteit dy't se opsette wolle. De oanfragen moatte uterlik 31 maart yntsjinne wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)