EK tennisfammen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Dit wykein komme de meast talintfolle tennisfamkes fan Europa oant en mei fjirtjin jier nei Ljouwert. Op tennissintrum De Molen wurdt foar de fiifde kear spile om de Europeeske titel. It is foar de kategory it grutste toernoai yn Europa.
Dat de oansteande toppers nei Ljouwert komme hat alles te krijen mei de goede ûnderfinings fan it ynternasjonale jeugdtennis mei Fryslân. Sa komme der alle simmers in soad ynternasjonale jeugdtennissers nei de Windmill Cup.