Jansen en El Khalifi yn basis

© Omrop Fryslân
Ferdigener Michael_Jansen en oanfaller Rachid_El_Khalifi begjinne freedtejûn yn de basis by SC_Cambuur tsjin Omniworld. Jansen komt werom fan in skorsing en dêrtroch moat Koen Brack wer op de bank plaknimme.
El Khalifi begjint as linksbûten en hâldt dêrmei Nassir Maachi bûten de ploech. El Khalifi is yn ôfwachting fan in oergong nei de Amerikaanske klup Real Salt Lake. Hy kin dêr in kontrakt ûndertekenje mar is it noch net iens mei it salaris dat hy krijt.