Mear oanfragen foar skuldhelp

De mienskiplike kredytbank Fryslân hat ferline jier 1600 oanfragen krige foar in skuldsanearingsregeling. Dat binne in lytse twahûndert mear as yn 2007.
Direkteur Jaarsma fan de GKB seit dat de taname te krijen hat mei in nije wize fan helpferliening. Der wurdt mear sjoen nei de oarsaak fan 'e skulden. By ferslavingsproblemen krijt in klant fan 'e kredytbank net allinnich finansjele stipe, mar wurdt ek ferslavingssoarch derby belutsen.