Fuotbaltalintsjes yn ien team

19 feb 2009 - 11:08

De fiif fuotbalferienings yn 'e gemeente Boarnsterhim litte de talinten fan 'e D-teams sûnt koart mei-elkoar spylje. Doel is om it talint sa fierder te ûntwikkeljen. Fan elke club binne trije of fjouwer jonges útsocht dy't wykliks mei-elkoar traine.

De KNVB is tige entûsjast oer it inisjatyf. It bûn wol it as foarbyld stelle foar de regio. De gemeente Boarnsterhim stipet it idee mei 900 euro. Fan dat jild kin fuotbalklean en materiaal kocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)