Toeterjend by plysjeburo del

19 feb 2009 - 10:22

Yn Ljouwert is woansdeitejûn in auto yn beslach naam om't de bestjoerder agressyf en gefaarlik ried. De automobilist is noch net oppakt. Twa plysjes seagen hoe't de man toeterjend troch de stêd ried. Op in stopteken reagearre er net. Deselde auto ried letter fjouwer kear toeterjend en mei piipjende bannen by it plysjeburo oan de Gardenierswei del.

De plysje achterfolge him, mar rekke him kwyt. De auto is letter weromfûn yn 'e Fruitstrjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)