Eigen hûs yn 'e brân stutsen

De plysje hat ôfrûne nacht twa froulju fan 34 en 58 jier oanhâlden op fertinking fan brânstifting. Se soene harren eigen hûs oan de Mariengaard yn Drachten yn 'e brân stutsen hawwe. Doe't de plysje by de wenning oankaam, sloegen de flammen út 'e ruten. It hûs rekke folslein fernield.
De buorlju koene op 'e tiid út 'e hûs weikomme. Harren wenten hawwe ek grutte skea. De bewenners binne op oare plakken yn Drachten ûnderbrocht. De fertochten sitte noch fêst.