Plan starterssintrum De Jouwer

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân wol startende ambachtlike ûndernimmers helpe mei in eigen sintrum. Dêrfoar soe 't Seal op 'e Jouwer ferboud wurde moatte. De gemeente wol De Jouwer as ambachtsplak befoarderje en wat dwaan oan 'e oansluting mei it ûnderwiis. Dêrom moat der ek in lesromte komme yn it starterssintrum en foar it oare publyk in eksposysjeromte.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat in ûndersyk yn gong set nei de helberens fan 'e plannen.