Stroetinga en De Vries twadde

18 feb 2009 - 23:00

Arjan_Stroetinga fan Waskemar is woansdeitejûn twadde wurden yn de njoggende maraton dy´t meitelt foar de KNSB cup. Yn Grins wie Sjoerd_Huisman de rapste fan in grutte kopgroep. Bob_de_Vries fan De Haule waard sechsde. Stroetinga bliuwt klassemintslieder.

By de froulju gong de winst nei de Amerikaanske Chris_Witty. Elma_de_Vries waard twadde, Maria Sterk tredde. Yn it klassemint stiet Elma_de_Vries boppe-oan, har ploechgenoate Maria_Sterk is twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)