Seldsume slak op Skier

18 feb 2009 - 21:51

Biologen fan ûndersyksgroep De Anemoon hawwe op Skiermûntseach in bysûndere slak fûn. It gie om in minuskúl bistje fan sa'n oardel milimeter, dat de nauwe korfslak hjit. De fynst kin grutte gefolgen hawwe foar it Waadeilân.

De slak stiet op de Europeeske habitatlist fan beskerme diersoarten, en it leefgebiet fan de slak moat wetlik sjoen ek beskerme wurde. Oft dat ek ek echt barre sil, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)