Nij doarpssintrum foar Makkum

© Omrop Fryslân
Yn Makkum kin lang om let begûn wurde mei de bou fan in multyfunksjoneel sintrum. De earste peallen gean nei alle gedachten al oer in pear wiken de grûn yn. Nei de simmer moat it sintrum klear wêze.
Yn it sintrum komt romte foar de toaniel- en muzykferiening, mar ek foar it pjutteboartersplak, de jeugdsoas en de bûtenskoalse opfang. In spesjale stifting hat him bot ynsetten foar it sintrum, mar de plannen kamen mar net klear.