Utjouwerij PENN oernaam

Utjeften fan de Ljouwerter útjouwerij PENN
De Ljouwerter útjouwer PENN is oernaam troch in bedriuw út Culemborg. It giet om Twin_Media. Offisjeel is dat bedriuw no eigner fan PENN, mar PENN bliuwt in selsstannige ûndernimming.
Twin_Media docht foar nasjonale en ynternasjonale útjouwers de opmaak foar blêden en ûntwikkelet grafyske systemen. Troch de oername kin PENN in soad tiid en jild besparje by it meitsjen fan boeken, blêden en kranten. Dat wurk docht Twin_Media aanst allegear.