Brêge foar Formule-1-race

Skipsmakkerij Intervak yn Harns wurket mei oan in brêge foar in Formule 1-sirkwy yn Abu Dhabi. De konstruksje komt oer de baan te lizzen dêr't yn novimber in race is. It giet om in fuotgongersbrêge dy't tusken twa hotels leit.
It ûntwerp fan de brêge hat aparte rûnings en komt fan in Amerikaansk arsjitekteburo. In stielbedriuw yn Grins makket de dielen. Intervak set de dielen yn Harns yninoar.