Nei boufak pas echte krisis

De bousektor sit oan 'e boufak ta noch goed yn 't wurk, mar dêrnei lykje der klappen te fallen. Dat seit CNV-bestjoerder Kraaijenoord nei oanlieding fan it fallisemint fan oannimmer Andringa yn Snits. In grut bouprojekt fan it bedriuw gie net troch omdat de bank him as finansier weromluts.
Posityf is dat boubedriuwen troch legere materiaalkosten no goedkeaper bouwe kinne. Dat soe earder oansette kinne ta de bou fan in objekt.