Kredytkrisis: oannimmer fallyt

18 feb 2009 - 11:22

Troch it fallisemint fan oannimmer Andringa yn Snits binne fiif wenten yn Wâldsein letter klear as de bedoeling wie. It bedriuw waard moandei fallyt ferklearre troch de rjochter yn Ljouwert.

Neffens kurator Goudberg komt dat troch de kredytkrisis. Sa like de finansiering foar de bou fan in appartemintekompleks yn Warkum klear, mar op it lêste momint woe de bank net mear meiwurkje. Andringa hat achttjin minsken yn tsjinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)