Dronken man rydt tún yn

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Grins is tiisdeitejûn mei syn auto yn Grou yn in bocht rjochttroch riden. Hy kaam dêrnei yn in tún oan de Seinpolle ta stilstân.
De plysje hie it fermoeden dat de 22-jierrige autobestjoerder tefolle dronken hie. Dêrom waard by him in blaasproef ôfnaam. Dêrút die bliken dat er safolle dronken hie dat er syn rydbewiis ynleverje moast.