Fertochte strjitrôf oppakt
De plysje hat fannacht yn Ljouwert in 40-jierrige ynwenner fan Blijham oppakt. De man wurdt der fan fertocht in ynwenner fan de stêd berôve te hawwen. Dat wie op de Iewâl.
Mei help fan Burgernet koe de man letter oppakt wurde yn in kroech yn Ljouwert. De man is foar ûndersyk meinaam nei it buro.