Boetes foar automobilisten

© Omrop Fryslân
Tolve automobilisten binne tiisdeitemiddei op 'e bon gien by in ferkearskontrôle op de A32 by Idaerd. Twa rieden te hurd en twa joegen ferskate kearen gjin rjochting oan doe't se oan it ynheljen wienen.
Fierders rieden twa bestjoerders kilometers lang oan de linkerkant wylst dat net echt hoegde. Soks is ferbean. En dan krigen ek noch fjouwer automobilisten in bekeuring omdat se de gordel net om hienen ûnder it riden.