Probleem webside Smellingerlân

18 feb 2009 - 06:38

De gemeente Smellingerlân hat problemen mei syn webside. Troch ûnbekende oarsaak kin in tal fan de digitale formulieren net brûkt wurde. It giet dan ûnder oare om it formulier dêr't in úttreksel fan it befolkingsregister mei oanfrege wurde kin.

Smellingerlân besiket it probleem sa gau mooglik op te lossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)