Besuniging treft plysjeburo's

17 feb 2009 - 20:03

De VVD-fraksje yn Ljouwert makket him lilk oer de mooglike sluting fan it plysjeburo oan de Gardenierswei yn Ljouwert. Korpssjef Magda Berndsen hat yn it personielsblêd oankundige dat sluting fan plysjeburo's nedich wêze sil omdat de organisaasje grutte tekoarten hat en besunigje moat.

Neist in plysjeburo yn Ljouwert soe ek it buro fan Bûtenpost ticht moatte. De VVD fynt sluting fan it Ljouwerter buro ûnbesprekber, omdat de plysje sichtber oanwêzich wêze moat yn de stêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)