Hege straffen strjitrôvers

17 feb 2009 - 16:45

Tsjin twa Ljouwerters binne tiisdei yn heger berop op 'e nij hege selstraffen easke. Yn it Ljouwerter gerjochtshof waarden straffen easke fan respektivelik 13 en 5 jier sel mei TBS.

De mannen wurde fertocht fan in searje strjitrôven mei geweld. Earder wiene se al feroardiele mar se gongen tsjin it fonnis yn berop. Justysje nimt de saak heech op, benammen omdat by ien fan de oerfallen in slachtoffer hast om it libben kaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)