Riedsgearkomsten op tv

17 feb 2009 - 09:50

De gearkomsten fan de ried fan Tytsjerksteradiel binne fan oare wike tongersdei ôf ek op 'e tillevyzje te folgjen. De gearkomsten wurde streekrjocht útstjoerd. Meiwurkers fan RTV Kanaal 30 jouwe der kommentaar by.

De gemeenteried besiket it foar boargers sa makliker te meitsjen om de gemeentlike polityk te folgjen. De riedsgearkomsten binne al langer te folgjen op de radio en dat bliuwt sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)