Man mei masker oerfalt winkel

17 feb 2009 - 08:52

In ûnbekende man hat moandeitemiddei in winkel oan de Waachshaven yn Grou oerfallen. Om 4 oere hinne kaam de man de saak yn. Hy bedrige in meiwurkster mei in mes en easke dat se it kassalaad iepen die.

Nei't de meiwurkster it jild út it kassalaad helle hie, naaide de oerfaller op in fyts út mei it jild. De man hie in zorro-masker op en in donkerblauwe reinjas oan. De plysje hat noch socht nei de oerfaller, mar koe him net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)