Frou fernielt slachbomen

17 feb 2009 - 08:48

De plysje hat moandeitenacht yn Ljouwert in 29-jierrige frou út dy stêd oanholden foar fernieling. Om healwei twaen hinne krige de plysje in melding dat de frou by it sikehûs in pear slachbomen fernield hie en trije ruten ynsmiten hie.

De plysje koe de frou by it sikehûs oppakke. Se is fêst setten foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)