Famke falt fan ljedder

17 feb 2009 - 08:46

In famke fan 17 jier út Stienwyk is moandeitemoarn ferwûne rekke nei't se fan in ljedder fallen wie. It slachtoffer wie oan it wurk op de souder fan in skuorre yn De Hoeve. Doe't se de ljedder ôf soe, ferskode dy.

It famke foel dêrtroch nei ûnderen en kaam op de betonnen flier telâne. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)