HIP jout help yn Opsterlân

© Omrop Fryslân
De lanlike helporganisaasje HIP iepenet in helpdesk yn de gemeente Opsterlân. HIP stiet foar 'Hulp In Praktijk' en is in inisjatyf fanút de tsjerken. De organisaasje bringt tsjerkefrijwilligers yn kontakt mei minsken dy't help nedich hawwe. Eltsenien, al as net oansluten by in tsjerke, kin gebrûk meitsje fan HIP.
Ynkoarten kinne ynwenners út Sigerswâld en Fryske Peallen fia it HIP-tillefoanûmer 0900 4474474 om help freegje, bygelyks foar putsjes yn hûs.