Film oer libben op It Amelân

16 feb 2009 - 19:18

Der komt in keunstprojekt oer it deistich libben op It Amelân. Studint Jelle Dijkstra fan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utrecht folge fiif wike lang it libben fan de eilanners.

Fan alle opnamen makket er in film fan 40 minuten as ôfstudearprojekt. De dokumintêre krijt de titel 'Buiten het seizoen (off season)'. Dijkstra makke ûnder oare opnamen op in skoalle, yn in tsjerke en yn in fersoargingstehûs. Yn de dokumintêre steane beroppen sintraal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)