Cambuur-FC Zwolle giet troch

16 feb 2009 - 17:48
Trainer Stanley Menzo

Sjoen de goeie kondysje fan it fjild, giet de ynhelwedstriid dy't tiisdei spile wurde moat tusken SC Cambuur en FC Zwolle gewoan troch. Dat seit algemien direkteur Alex Pama. De wedstriid stiet al foar de fjirde kear op it programma, mar waard trije kear ôflast fanwege it minne fjild.

Cambuur kin by winst op it twadde plak komme en as Zwolle wint kin dy perioadekampioen wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)