DNA-ûndersyk yn saak-De Blesse

16 feb 2009 - 16:04

Der komt in DNA-ûndersyk om de moard op Ida_Klijnstra fan De_Blesse op te lossen. De frou waard 23 juny yn har wente deasketten. No docht bliken dat yn de wente in DNA-profyl fûn is. It wie in skoft lang ûndúdlik wat dat mei de moard te krijen hie. Lang om let die bliken dat de man fan Frjentsjer dy´t himsels yn juny by in plysjeynfal tekoart die, by de saak belutsen wie.

Wat de rol fan dy Frjentsjerter, Arjen van der Schaar, krekt west hat is lykwols noch net alhiel dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)