VSB-fûns jout minder subsydzje

16 feb 2009 - 15:39

Projekten op it mêd fan natuer, miljeu en sport krije gjin subsydzje mear fan it VSB-fûns. It VSB stelde foarhinne jild beskikber foar in grut tal goede doelen, mar moat besunigje. It fûns hie oandielen yn Fortis en hat dêrtroch de helte fan it budzjet ferlern. It VSB-fûns wie dêrtroch twongen om te reorganisearjen.

Foar keunst en kultuer yn de regio bliuwt noch njoggen miljoen euro oer. It is noch ûnwis hoefolle´t dêrfan nei Fryslân giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)