Beorn Nijenhuis fuort by TVM

16 feb 2009 - 15:21

Sprinter Beorn_Nijenhuis (24) fan It Hearrenfean sil nei dit seizoen de TVM-ploech ferlitte. It kontrakt fan de rider rint ôf en wurdt net ferlingd, sa makke de ploechlieding bekend.

Nijenhuis is dwaande mei syn sânde seizoen by TVM. De yn Kanada berne sprinter waard fjouwer kear tredde by de NK sprint. By it WK wie it fiifde plak oant no ta syn bêste prestaasje. Nijenhuis is sûnt ferline jier yn it besit fan it Nederlânsk rekord op de 1000 meter: 1.07,07.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)