Kantoaren korporaasje bliuwe

16 feb 2009 - 15:10

De ferhuzing as gefolch fan ´e fúzje tusken Wenningkorporaasje Welkom út Boalsert en Nieuw Wonen Friesland út Ljouwert nei It_Hearrenfean hat gjin gefolgen foar de klanten. De bedriuwen litte yn in brief oan de klanten witte dat de tsjinstferliening bliuwt.

Sa bliuwt it klantesintrum yn Ljouwert iepen en dat jildt ek foar de winkels fan Welkom yn Grou, De Gordyk en Boalsert. It haadkantoar op It Hearrenfean behannelet de saken dy´t net direkt te krijen ha mei de klanten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)