Nije MRI-scan MCL yn gebrûk

16 feb 2009 - 12:50

It MCL-sikehûs yn Ljouwert hat moandei in nije MRI-scan yn gebrûk nommen. Pasjinten kinne tenei flugger en better holpen wurde. It MCL hie al twa MRI-apparaten, mar it nije tredde apparaat hat mear mooglikheden.

De nije scan hat in sterker magnetysk fjild as de twa âldere. Mei de nije oanwinst kinne mear detaillearre scans fan pasjinten makke wurde. De wachttiid foar in scan wie twa wike, dat wurdt no ien wike. It nije apparaat hat trije miljoen euro koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)