Winst Nuon stik leger

16 feb 2009 - 10:03

Enerzjybedriuw Nuon hat yn 2008 765 miljoen euro winst makke, sa'n 13 persint minder as yn 2007. De omset fan Nuon gie mei 9 persint omheech oant 6,15 miljard euro. Sjoen de kredytkrisis en de bot op- en delgeande enerzjyprizen is Nuon tefreden oer it resultaat oer 2008.

Nuon is dwaande mei fúzjepetearen mei bûtenlânske bedriuwen en hopet foar de ein fan 'e simmer in partner te finen. De provinsje Fryslân is ien fan 'e oandielhâlders fan Nuon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)