Drachtster oplichter oanholden

© Omrop Fryslân
De 49-jierrige Drachtster, dy't fertocht wurdt fan grutskalige fraude, is snein oanholden op it fleanfjild fan Schiphol yn Amsterdam. De Drachtster kaam út Tailân.
Tsjin de man binne acht oanjeftes dien fan minsken dy't finansjeel troch him beneidield binne. It giet dan om in totaal bedrach fan sa'n 700.000 euro. Boppedat hat er de SNS Bank by de poat hân by it ôfsluten fan in hypoteek. De man is yntusken oerbrocht nei Fryslân.