Ferlies Aris yn Den Bosch

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris_Friesland ha foar de earste kear dit seizoen ferlern fan Den_Bosch. Yn de Maaspoort koene de Ljouwerters net opnij in stunt úthelje, it waard 91-85 foar de thúsploech. Healwei hie Eiffeltowers Den Bosch it ferskil noch net makke: 48-42. Dat barde wol yn it tredde kwart: 26-16. De einsprint fan Aris yn it lêste kwart, 27-17 winst, wie net genôch.
Aris bliuwt op it tsiende plak yn de kompetysje, Den Bosch is twadde.