Nominaasje Sjinkie Knegt

15 feb 2009 - 17:14

Sjinkie_Knegt fan Bantegea hat op de lêste dei fan de wrâldbekerfinale yn Dresden in nominaasje foar de Winterspelen yn Vancouver bemachtige. Hy fersekere him snein mei in plak yn de heale finales op de 1000 meter fan in klassearring by de bêste acht.

In plak yn de top acht is de eask fan sportkoepel NOC/NSF foar in nominaasje. Junior Knegt sil takom seizoen noch wol foarmbehâld toane moatte om nei Vancouver te meien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)