Drankrider twa kear oanholden

15 feb 2009 - 17:01

In autobestjoerder (46) út Snits is yn de nacht nei snein twa kear oanholden omdat er mei tefolle drank op efter it stjoer siet. Yn it Grinzer Hoogezand hold de plysje de man foar it earst oan. It die bliken dat er 1,8 promille alkohol yn syn bloed hie. Dat is trije kear safolle as tastien is.

De Snitser hie dêrneist net syn rydbewiis by him. Nei't de plysje de man ferbean hie wer efter it stjoer te krûpen, waard er efkes letter dochs wer oanholden yn Hoogezand.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)